FINISH YN LJOUWERT! Ik ha it helle!

31 mei 2025 20:45

De lèste dei!!

Fan ‘e moarn startten we nei it folksliet yn Dokkum achter in prachtige fryske sjees. Sa as alle dagen wie der wèr in soad folk op de dyken en by de hûzen op de rûte! Ek alle frijwilligers wienen der wèr! Sy ha de hiele wike holpen ús oan te moedichjen, oer te stekken by drokke oerstekken, trakteare op dropkes, appelskyfkes, snoep, ranja, of in bemoedichjende klap op it skouder! 

 

It wie in geweldige tocht! Ik ha yn dizze wikke sa/n bytsje alle lânskippen fan Fryslân besjoen. Wat is ús Fryslân geweldich moai! 

 

Nei Dokkum trof ik sweager Knillus yn Damwâld. Dat wie in leuke ferrassing! Nei Damwâld hienen we in geweldige ontfangst mei koffy en koeke yn Rinsumageast. 

Hjirnei richting Oentsjerk en ferfolchens Gytsjerk. Dèr ried de stoet mei antyke auto’s (55+) ús temjitte. In geweldich gesicht! De blauwe dieseldampen driuwden ús noazen yn mar dat hinderde neat!! De auto’s wienen noch net foarby of Yente en Mayke draafden op my ôf! Mei Anno en Sistra wachtten se my op. We ha gesellich bykletst en nei de auto’s sjoen! Nei in “súkses mei de lèste leadsjes!” stapte ik troch richting Ljouwert. Underweis noch in pear yndrukwekkende gesprekjes hân. Ik wie sa mar yn Lekkum.Dèrnei Snakkerbuorren en doe Ljouwert yn. Nei 4 km en in kuier troch de prachtige Prinsetún kaam de finish yn sicht. Dèr waard ik opwachte troch Berg, Nelleke, Ronny, Geart en Manon, de famyljes Rypkema en Folkerts fan Lollum (Gerry en suske lokwinske) Nynke en fansels alle bern en bernsbern en myn grutste en grutse supporter Sistra!! (Hoop dat ik net ien ferjitten bin) 

Bedolven ûnder de blommen en sels makke medailles socht ik myn wei nei de finsh. Ik ha it rêdden! Mei in pear grutte blieren op myn hakken, en poatsjes as beamstamkes mar dat wie net slim! Dankewol alle supporters, leave bern en bernsbern en Sistra, dy my alle dagen brocht en helle, klear stie mei fruithapkes en drinken, en my by de finish opfong! 

 

En fansels alle DONATEURS bedankt foar jim giften!! Mear as 2100 euro hat it opsmiten! Geweldich. Ik hoop dat se gau in middel fine, om dy rotkwaal Alzheimer en dementie te stoppen of geneze kinne!!

 

It wie in geweldige erfaring mei dizze super organisearre tocht! Of ik ito oare jier wèr mei doch? Ik siz no nee, mar wa wit. Mei in pear wike bin de blieren fuort. It kin wêze dat ik der dan oars oer tink!!

 

Dankewol dat jim dizze blog sa aardich fûnen dat jim him lêze woenen. Ik winskje jim in soad sûnens en lok en oan’t sjen allegearre!

 

Seerp